Asbest Blije leit der noch

15 feb 2013 - 14:14

It asbest dat earder dizze wike frijkaam is by in grutte brân yn in pleats oan de Hegedyk yn Blije kin noch altyd net oprêden wurde. De snie soarget derfoar dat it asbest mar dreech te finen is. Earder koe it asbestbedriuw ek al net oan de slach fanwege de kjeld.

Ek as it friest is it net mooglik om it skealike guod op te romjen. Dat betsjut dat yn elts gefal it kommende wykein de dyk by de ôfbaarnde pleats noch net frijjûn wurde kin.

Trefwurden: 
asbest snie Blije opromje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)