Plysje fynt ûnderkuolle frou

De plysje docht ûndersyk nei wat der bard is mei in frou (31) út Marsum. Sy waard woansdeitenacht troch buertbewenners bûten westen oantroffen yn in portyk yn de Ljipstrjitte yn Ljouwert.
It die bliken dat de frou ûnder ynfloed fan drugs wie, mar mooglik is se ek mishannele. De frou wie boppedat swier ûnderkuolle. De frou waard yn soarchlike tastân mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.