Draachflak gaswinning nimt ôf

15 feb 2013 - 13:40
  • Gaswinning

Gasprodusint Vermillion yn Harns is benaud dat it draachflak foar gaswinning hurd ôfnimt. Dêrom is it neffens wurdfierder Fokke Jansma goed dat der in ûnôfhinklik ûndersyk komt nei mooglike ierdbevingen en fersakkingen yn Fryslân. It KNMI sil dat ûndersyk útfiere, sa waard tongersdei dúdlik.

Neffens Jansma krijt Vermillion op dit stuit in soad fragen oer de gaswinning, bygelyks fan omwenners fan de gaswinlokaasjes. In grut diel fan it Fryske gas wurdt troch Vermillion út de grûn helle, fral yn Súdwest-Fryslân en de Stellingwerven.

Oare grutte gaswinlokaasjes binne by Eanjum, Moddergat en Ie en yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dêr wurdt it gas wûn troch de NAM.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)