Riemer fuort by SC Hearrenfean

15 feb 2013 - 12:55
  • Earefoarsitter Riemer van der Velde

Riemer van der Velde docht gjin wurk mear foar SC Hearrenfean. Van der Velde befestiget dat er by de fuotbalklup fuort is. Van der Velde soe nei Spanje, om dêr nije spilers te skouten, mar de lieding fan SC Hearrenfean hat him te ferstean jûn dat dy reis net fergoede wurdt.

It is foar it earst sûnt 1983 dat Riemer van der Velde, noch altyd earefoarsitter, gjin funksje mear by de sportklup hat. 'It fielt as oft de ferkearing út is', sa lit in teloarstelde Van der Velde witte yn in earste reaksje.

It fuortgean fan Riemer van der Velde by SC Hearrenfean makket in bysûnder soad reaksjes los fan fuotballeafhawwers út Fryslân en fier dêrbûten. In soad Feanfans litte op ferskate websites witte dat se 'ferbjustere' binne oer de maatregel tsjin Van der Velde; guon fan harren freegje ek om aksje. Mika Väyrynen lit fanút Finlân wite dat hy it fuortgean fan Van der Velde hiel spitich fynt; hy is de âld-foarsitter noch hieltiten tankber foar de kâns dy't er krige by Hearrenfean. Ald-direkteur Alex Pama fan Cambuur begrypt der ek neat fan. 'Het zijn vreemde berichten uit Heerenveen', lit hy fanút Amearika witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)