Rottepleach yn Sniksweach

15 feb 2013 - 11:47
  • Rottepleach

Bewenners fan de Ljouwerterdyk yn Sniksweach ha oerlêst fan rotten. De famylje Bergsma tinkt dat dy by de buorlju weikomme. Se ha de lêste tiid al seis rotten om it hûs fongen. Doe't der twa wike lyn ek ien yn de wenkeamer fongen waard ha se kontakt socht mei de gemeente om wat oan de oerlêst te dwaan.

By de buorlju stiet in heal ynstoarte pleats op it hiem en neffens de Bergsma's hâlde sy har hiem ek net goed skjin. De buorman seit lykwols dat dat ek al sa wie doe't de Bergsma's it hûs neist him kochten.

De buorman is ek wol dwaande mei oprêden, mar it is in soad wurk en hy hat wat tsjinslach hân om't hy opereard wurde moast oan syn fuotten. Sels hat hy ek rottefallen op it hiem stean en hy hat yn it lêste healjier mar ien rôt fongen. De gemeente Skarsterlân ûndersiket oft se wat oan de oerlêst dwaan kinne. As der gefaar is foar de sûnens gripe se mooglik yn mei in twangsom. Oer in pear wike moat dêr mear oer bekend wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)