Manlju oppakt foar strjitrôf

15 feb 2013 - 11:11

Yn Ljouwert binne tongersdei trije manlju út de stêd oanhâlden, omdat se in jonge (18) oerfallen hiene. De jonge waard troch de fertochten yn de Oude Oosterstraat bedrige mei in ding dat op in fjoerwapen like. Se hiene ek bivakmûtsen op. Hy moast syn tillefoan en syn beurs mei pinpas ôfjaan en ek syn pinkoade fertelle.

Neidat de trije útnaaid wiene, seach it slachtoffer in pear plysjes rinnen en die by har syn ferhaal. De fertochten koene koart dêrnei allegearre oppakt wurde. By ien fan har thús waard in luchtdrukpistoal fûn.

Ek de tillefoan fan it slachtoffer waard weromfûn. De fertochten sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)