FNP T'diel wol 'opknapfûns'

15 feb 2013 - 09:53

Yn Tytsjerksteradiel moat in stimulearringsfûns komme foar it opknappen fan karakteristike en kultuerhistoaryske pânen. Dat wol de FNP-fraksje yn de gemeenteried. Eigeners fan sokke gebouwen soene oanspraak meitsje kinne op in bydrage út it fûns as sy plannen hawwe foar ûnderhâld of renovaasje. Soks helpt neffens de FNP bou-ûndernimmers ek wer yn dizze drege ekonomyske tiid.

Fierder soe spesifike fakkennis sa behâlden bliuwe kinne. De gemeenteried praat yn maart oer in mooglik stimulearringsfûns.

De FNP hat ek al in namme betocht foar it fûns: Tytsjerksteradiel yn 'e pronk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)