Joop Atsma opnij lid fan UCI

14 feb 2013 - 20:57

Joop Atsma hat in nije funksje oannommen by de ynternasjonale hurdfytsuny de UCI. Atsma komt werom as foarsitter fan de ried foar it profesjonele hurdfytsen.

Atsma wie earder fan 1994 oant 2006 foarsitter fan it Nederlânske hurdfytsbûn, de KNWU. Letter waard hy lid fan it haadbestjoer fan de UCI, mar dêr moast er mei ophâlde doe't hy steatssiktaris fan ynfrastruktuer en miljeu waard yn it earste kabinet Rutte foar it CDA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)