KNMI ûndersiket Fryske boaiem

Der komt yn Fryslân krekt as yn Grinslân in KNMI-ûndersyk nei de effekten fan gas- en sâltwinning op de boaiemdelgong. Dat is besletten troch de kommisje boaiemdelgong yn oerlis mei de provinsje en gemeenten. Deputearre Sietske Poepjes is bliid mei it ûndersyk.
Neffens Poepjes is it fan grut belang dat de minsken yn Fryslân witte wêr't se oan ta binne no't der safolle opskuor is yn Grinslân fanwege de boaiemdelgong en de ierdskokken. Oant no ta binne der gjin oanwizings dat de situaasje yn Fryslân te fergelykjen is mei dy yn Grinslân.