Parkearprobleem Frjentsjer oer

Der kin wer betelle parkeard wurde oan de Zilverstrjitte yn it sintrum fan Frjentsjer.
Nei protesten fan ûndernimmers en de grifformearde tsjerke hat de gemeente besletten it parkearen foar fergunninghâlders, dat yn jannewaris ynfierd wie, no al wer te skrassen. Ta grutte opluchting fan de winkellju. Sy wiene benaud dat it harren úteinliks klanten kostje soe en se binne dan ek bliid dat de gemeente net earst de proefperioade fan in jier ôfmeitsje woe, mar no al ree wie om it te feroarjen.