Glêdens berikt ek Fryslân

14 feb 2013 - 17:39

Rykswettersteat warskôget ferkear by de kop fan de Ofslútdyk rekken te hâlden mei glêdens troch snie. Der hat op it plak yntusken ek in ûngelok west. Ek op oare plakken yn de provinsje kin it glêd wêze.

Rykswettersteat hat tongersdeitemoarn al oan it struien west en is dêr healwei de middei wer mei begûn. De kommende oeren sil dat ek noch dien wurde. Ek op provinsjale en lokale diken wurdt struid.

Trefwurden: 
glêdens snie
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)