Wylde kattejacht Skier útsteld

14 feb 2013 - 17:29
  • Sa'n kamera is stellen op Skiermûntseach

It fangen fan de wylde katten op Skiermûntseach wurdt foarearst útsteld oant nei it fûgelbriedseizoen. Dat is dúdlik wurden nei in oerlis fan de wurkgroep Behear fan it Oerlisorgaan Nasjonaal Park Skiermûntseach. Net elkenien dy't nedich is om de katten mei fangkoaien te fangen, is op tiid beskikber en dus kin it net trochgean. Op syn gaust soe it fangen en deameitsen fan de katten nei it briedseizoen úteinsette kinne. Mar yn de tuskentiid gean de foar de aksje ferantwurdlike minsken it maatskiplik debat oer de kwestje net út de wei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)