Trillings troch klinkerts

14 feb 2013 - 15:56

Fanwege trillings wurde de klinkerts yn in part fan de krekt nij ynrjochte Vaart Zuidzijde yn Appelskea ferfongen troch asfalt. Dat kostet 150.000 euro en wa't dat betelje moat, is noch net dúdlik. De klinkerts yn kombinaasje mei auto's dy't te hurd riden soargen foar earnstige oerlêst yn sa'n tsien wenten. By trije dêrfan is ek skea fûn. Sa lang it nije asfalt der net leit, moatte ferkearsremmers de problemen oplosse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)