'Situaasje skoallen ûnhâldber'

It Fryske ûnderwiis beseft noch ûnfoldwaande dat de besteande situaasje mei de lytse skoallen ûnhâldber is. De ôfrûne 10 jier is it tal learlingen mei 25 persint ôfnommen en dat giet seker op it plattelân noch hiel hurd troch. Dat seit foarsitter Ten Dam fan de ûnderwiisried. Tongersdeitemoarn kaam de ûnderwiisried mei it advys om de opheffingsnoarm foar lytse skoallen te ferheegjen fan 23 nei 100 bern yn de takomst. Fryslân hat in lytse 500 skoallen, de helte soe troch de nije noarm yn gefaar komme.
Deputearre De Vries reagearret ôfwizend op de nije hege noarm, mar frou Ten Dam seit dat oantoand is dat lytse skoallen te kwetsber en te djoer binne. Neffens har bliuwe der ek yn Fryslân genôch skoallen oer, sûnder dat bern hiel fier reizgje moatte.