Cambuur fit foar MVV

14 feb 2013 - 13:33

De Cambuur seleksje is foar de útwedstriid tsjin MVV freed, hast wer folslein fit. Tim Bakens sit wer by de seleksje, al kin hy noch net in folsleine wedstriid spylje. Leon Broekhof is blesseard en dat jildt ek noch altyd foar Mark Diemers en Marco van der Heide. Foar de rest is de seleksje folslein. Cambuur trainer Alfons Arts fynt dat de KNVB mei de wedstriden nei de winterstop ferkearde beslissings naam hat. Mei it minne waar hie it hiele programma skrast wurde moatten sa fynt hy. Cambuur hat noch mar 17 wedstriden spile.

Oare klups stean al op 20 wedstriden. Kompetysjeferfalsing sa fynt Arts.
De opstelling fan Cambuur tsjin MVV: Telgenkamp, Droste, Van der Laan, Dijkstra, Bijker; Bakker, El Makrini, Keurntjes; Schokker, Hemmen, Tigadhouini.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)