Man mei drank op rydt 160 km
De plysje hat woansdeitejûn op de provinsjale dyk tusken Dokkum en Gerkeskleaster in 48-jierrige man út Mitselwier oanhâlden. De man ried mei syn auto 160 kilometer yn de oere, wylst 80 de maksimum snelheid is. Nei in blaaskontrôle die bliken dat de man mei tefolle alkohol op oan it riden wie. De bestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje.