Lespakket oer kamp Sobibor

14 feb 2013 - 12:03
  • Bornego kolleezje

Op De Jouwer wurdt tongersdei it earste nasjonale lespakket oer ferneatigingskamp Sobibor presentearre. It is makke troch Meriam Tuinhof en Evan ten Hoeve. Beide sitte op it Bornego Kolleezje op De Jouwer. De learlingen ha mei har dosint Herman de Haan it ferhaal fan Jules Schelvis optekene. Hy wie ien fan de 18 oerlibjenden fan it kamp. It lesmateriaal is foar alle tredde klassen yn it middelber ûnderwiis fergees beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)