Renovaasje Anthony Gasthûs

14 feb 2013 - 10:58

It histoaryske Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert sil takom jier in grutte renovaasje ûndergean. Dêrby wurdt it âldereinhûs yn de binnenstêd boppedat flink útwreide mei nije apparteminten. Under dy nijbou sil in parkeargaraazje realisearre wurde foar sa'n 45 auto's. Doel is ek dat de âlde histoaryske haadpoarte fan it Sint Anthony Gasthûs oan it Schoenmakersperk wer yn eare wersteld wurdt. De ferbou is mooglik wurden nei't it bestjoer fan it âldereinhûs ferskate omlizzende gebouwen, lykas in eardere sauna, opkeapje koe.

De renovaasje sil fasearre útfierd wurde, sadat de bewenners tidens de ferbou yn har apparteminten wenjen bliuwe kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)