JSF net needsaaklik

14 feb 2013 - 10:49

It is net needsaaklik om de JSF foar de Nederlânske kriichsmacht oan te skaffen. Dat stiet yn in advys fan ynstitút Clingendael oan definsje-minister Jeanine Hennis. Yn it advys wurde fjouwer modellen neamd foar de takomst fan de Nederlânske kriichsmacht. Yn mar ien fan de fjouwer is de oanskaf fan de JSF wier nedich. It giet om in senario wêryn't Nederlân mei de Feriene Steaten in rol spilet oan it begjin fan in militêre yngreep. By de trije oare modellen is de oanskaf fan JSF-strieljagers net perfoarst needsaaklik.

Trefwurden: 
JSF
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)