Nicator docht net mei

13 feb 2013 - 22:30

De fúzje tusken trije Ljouwerter fuotbalklups is mislearre. Ien fan de trije, Nicator, docht net mei. De leden fan Nicator hawwe woansdeitejûn yn mearderheid tsjinstimd. 135 fan de 183 oanwêzige leden wiene tsjin. De oare beide klups VV Ljouwert en Read Giel gean wol troch mei de fúzje. Sy hiene ek ledegearkomsten en dêr wiene de leden unanym fóar.

Mei-inoar hat de nije fuotbalklup tusken de 850 en 900 leden. De kommende tiid meie de leden stimme oer in nije namme, logo en klupkleuren. Yn it kommend seizoen docht de klup mei yn de Ljouwerter fuotbalkompetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)