Harns: referindum weryndieling

Yn Harns sil in referindum holden wurde oer gemeentlike weryndieling mei de buorgemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel. Dat hat de gemeenteried fan Harns woansdei besletten. In amendemint fan de partijen PvdA, VVD, D66 en Harlinger Belang is troch de ried oannommen.
It kolleezje luts in eigen foarstel foar in referindum yn om mei it foarstel fan de fjouwer partijen mei te gean. Yn juny sil it referindum holden wurde.