Bob de Vries nei WB Erfurt

Bob de Vries © awfoto.nl
Bob de Vries hat him woansdeitejûn pleatst foar de wrâldbekerwedstriid fan begjin maart yn Erfurt op de 10 km. De reedrider fan De Haule moast yn iisstadion Thialf in tiid delsette, en dat die er goed. Syn 13.20.40 soe net mear ferbettere wurde. Rob Hadders waard twadde, Ted-Jan Bloemen tredde. By de froulju gong it startbewiis op de 5000 meter nei Annouk van der Weijden. Har 7.15.01 wie krekt genôch om Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean en Twellingeaster Yvonne Nauta foar te bliuwen. Kleibeuker ried 7.15.28, Nauta 7.16.28.
Bob de Vries krijt begjin maart yn Erfurt selsskip fan syn ploechmaten Jorrit Bergsma en Bob de Jong. De oare twa startplakken foar de 10 km wurde nei it WK fan it kommende wykein yn Hamar oanwiisd. Annouk van der Weijden, Diane Valkenburg, Marije Joling en Rixt Meijer komme yn Erfurt út op de 5000 meter. Ek hjir wurdt it lêste startplak nei it WK bepaald.