Boot Holland is tefreden

13 feb 2013 - 19:39
  • It steatejacht wie dit jier ien fan de blikfangers

Boot Holland hat dit jier mear as 36.000 besikers lutsen. Dat is aardich mear as ferline jier; doe luts de boatebeurs yn it WTC Expo yn Ljouwert sa'n 32.000 minsken. Ek de standhâlders wiene oer it generaal tefreden oer de belangstelling, dy't ek foar in part út it bûtenlân kaam. Ferskate boatehannelers hawwe ek saken dien en sels boaten ferkocht.

De organisaasje fan Boot Holland kaam dit jier wol wat stadich op gong: in protte bedriuwen wachten hiel lang foardat se it beslút namen op de beurs te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)