Biogas wurdt Bio-LNG

De Fryske inisjatyfnimmers foar de oanlis fan in biogaslieding tusken Dokkum en Ljouwert, wizigje har plannen. Troch it útbliuwen fan subsydzjes is it net rendabel genôch biogas op it besteande netwurk oan te sluten. Dêrtroch sille foarearst gjin 25.000 húshâldens yn de regio ferwaarme wurde.
It biogas dat tolve boeren yn Noardeast-Fryslân produsearje, wurdt no omset yn Bio-LNG, biogas dat troch kuolling floeiber makke is. Bio-LNG wurdt brûkt troch frachtauto's en it skipfeartferkear.