Sponsoroerlis krijt ferfolch

13 feb 2013 - 13:04

It petear tusken in groep sponsoaren fan Sportklup Hearrenfean en de ried fan kommissarissen fan de klup fan woansdei wie konstruktyf. Dat seit foarsitter Wino de Jong fan de ried fan kommissarissen. Fierdere meidielings wol er der net oer dwaan, wol hat er de sponsoaren oproppen om by de klup te bliuwen.

It petear wie der op inisjatyf fan de sponsoaren, dy binne ûntefreden oer it belied fan de direksje fan Hearrenfean en woene in ûnôfhinklik ûndersyk. De Jong liet earder al witte dat dat ûndersyk der net komt en bliuwt ek by dat stânpunt.

De groep sponsoaren tinkt no nei oer ferfolchstappen, ek sy wolle fierder gjin meidielings dwaan oer it petear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)