Start 'ferhale-alvestêdetocht'

13 feb 2013 - 12:58

Yn Fryslân hawwe mear minsken muoite mei lêzen en skriuwen as gemiddeld yn Nederlân. Yn Ljouwert is sa'n 12% fan de befolking 'laaggeletterd', sa't dat hjit, en yn Harns sels 15%. De stichting 'Lezen en schrijven' organisearret dêrom de kommende wiken in 'skriuw-Alvestêdetocht' op Fryske basisskoallen om oandacht te freegjen foar dit tema. It helpen fan minsken dy't laaggeletterd binne, is en bliuwt hurd nedich, seit Martijn van Kampen fan de Stichting Lezen en Schrijven.

Bern fan de Albertine Agnesskoalle yn Ljouwert binne tiisdei begûn mei it skriuwen fan in ferhaal oer Alvestêderider Auke. De bern krigen hjirfoar skriuwles en skriuwtips fan de bekende berneboekeskriuwer Jacques Vriens.
Bern yn de tsien oare Fryske stêden sille de kommende wiken fierder skriuwe oan it boek. It is it doel dat it boek yn maaie klear is. It boek sil ek útdield en ynset wurde yn de kampanje tsjin laaggeletterdheid. Skriuwer Jacques Vriens hat in soad affiniteit mei de kampanje. De skriuwer is nammentlik wurdblyn en krige op de legere skoalle altiten lege rapportsifers foar taal. Hy wol de bern dêrom foarhâlde dat je je nea troch sokke problemen ôfskrikke litte moatte. Ek op basisskoallen is omtinken foar 'laag-geletterdheid' wichtich, in lytse 20 % fan de basisskoallelearlingen leart net goed genôch lêzen en skriuwen op de basisskoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)