Duo pakt foar mishanneling

Plysje-embleem © ANP
Twa mannen fan 19 jier binne tiisdeitenacht oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De mannen, ôfkomstich út Ljouwert en Doarn, soenen yn in klup oan it Ruterskertier yn Ljouwert in 20-jierrige Ljouwerter slim mishannele ha. Hy rekke ferwûne oan syn each, mooglik nei in klap mei in bierglês. It slachtoffer is opnommen yn it sikehûs. Beide fertochten binne ynsletten.