Beswier tsjin útwreiding Soal

© Bewurking Omrop Fryslân
De Fûgelwacht Warkum stapt mei de stifting Natuur en Landschap Nijefurd nei de rjochter om de útwreiding fan rekreaasjepark It Soal yn Warkum foar te kommen. Dy útwreiding is regele yn in nij bestimmingsplan dêr't de gemeente Súdwest-Fryslân al grien ljocht foar jûn hat. Neffens de beswiermakkers moat it gebiet tusken de Suderseeleane en natuergebiet de Warkumerwaard as buffer bewarre bliuwe. Dêr soe no in parkearterrein mei in berging foar boaten komme moatte.
De Fûgelwacht en de natuerstifting wolle net dat der al mei it wurk begûn wurdt foardat de saak juridysk útiten is.