Bouwers bliid mei akkoart

Boubedriuwen yn de provinsje binne bliid mei it wenningmerkakkoart. It jout wer wat perspektyf foar de takomst. It kabinet past de hypoteekregels oan, sa hoecht noch mar de helte ôflost te wurden en moat dat yn 35 jier. Ek geane de hieren minder omheech. Foar de bousektor is de wichtichste maatregel in ferleging fan de BTW foar ferbouwings. Dy giet fan 21 nei 6 persint. De Fryske bouwrâld ferwachtet dêrtroch wer mear wurk te krijen. De maatregel is lykwols mar foar in in jier en dat is neffens de boubedriuwen fierstente koart.