Man pakt foar oerfal Drachten

Plysje-embleem © ANP
In man (35) sûnder fêst wenadres is oanhâlden yn ferbân mei de oerfal op in goudhanneler yn Drachten. Op 17 maart ferline jier kamen twa manlju syn saak oan it Raadhuisplein yn. Mei in fjoerwapen en bivakmûtsen op easken se jild. It slagge de eigener (40) om it wapen ôf te pakken en dêrmei sloech er ien fan de oerfallers. Yn jannewaris koe de plysje al twa Drachtsters fan 17 en 18 oanhâlde. Dat wie op basis fan in dna-spoar fan ien fan beide. De tredde fertochte koe de plysje tiisdei oanhâlden. De plysje slút meardere oanhâldingen net út.