Ljouwert komt mei enerzjyloket

13 feb 2013 - 08:30

Ynwenners fan Ljouwert kinne mei yngong fan dizze wike har enerzjyferbrûk fergelykje mei dat fan har buorlju. Wenningeigeners kinne fia in spesjale site sjen hoe't se besparje kinne op har enerzjyferbrûk. Wa't in hûs hat dat foar 1985 boud is kin by de gemeente foar 25 euro in enerzjybesparringsscan oanfreegje. In adviseur komt dan thús om te sjen wat de mooglikheden binne. It online enerzjyloket giet tongersdei offisjeel fan start. De gemeente Ljouwert wol besykje om yn 2020 folslein ûnôfhinklik te wêzen fan fossile brânstoffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)