Grutte stroomsteuring gau oer

12 feb 2013 - 22:38

Yn de omjouwing fan Akkrum en De Jouwer hat tiisdeitejûn in koarte stroomsteuring west. Neist Akkrum en De Jouwer waarden húshâldens yn Aldeboarn, Aldehaske, Terkaple, Haskerhoarne en Sint Jânsgea troffen. It giet neffens netbehearder Liander om in grutte steuring, dy't hiel fluch wer oplost wie. Troch in probleem by de heechspanningskabels fan Tennet waard der hiel koart gjin stroom oanfierd. De stroom wie der op de measte plakken sa'n 4 minuten ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)