Definityf gjin akwadukt yn A6

12 feb 2013 - 22:27

Minister Schultz van Haegen fan ynfrastruktuer wol definityf gjin akwadukt yn de Skarster Rien by de A6. Deputearre Sietske Poepjes hat persoanlik besocht de minister op oare ideeën te bringen, mar dat is net slagge. It akwadukt wie earder al tasein oan de provinsje, mar it Ryk moat besunigje. Yn stee fan in akwadukt fan 50 miljoen euro kiest de minister no foar ferfanging fan de besteande brêge nei 2020. Dat kostet ek noch altyd 35 miljoen euro. De minister giet net yn op it plan fan de provinsje it akwadukt foar te sjitten.

In lobby moat der no foar soargje dat der úteinlik in mearderheid foar it akwadukt komme sil. Op 8 april hâldt de Twadde Keamer in debat oer de foarnommen besunigings op ferkearsprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)