Machiavellipriis foar Vaatstra

12 feb 2013 - 16:51

Bauke Vaatstra hat tiisdei de Machiavellipriis opdroegen oan syn fermoarde dochter Marianne. Yn it Haachske Nieuwpoort krige hy de ûnderskieding foar de wize wêrop hy de moard op syn dochter yn de publike belangstelling hâlden hat. Sjueryfoarsitter Marja Wagenaar priizge syn trochsettingsfermogen. Troch syn ynspanningen kinne tenei dna-ferwantskipsûndersiken dien wurde en Vaatstra hat neffens har in gruttere rol ôftwongen foar neibesteanden yn it plysjeûndersyk. Bauke Vaatstra is wiis mei de priis en is bliid dat hy dêrmei erkenning krigen hat.

Eardere priiswinners binne prinsesse Maxima, bûnscoach Bert van Marwijk en SP-foaroanman Jan Marijnissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)