Deutsche Bank giet ticht

De Achmeatoer mei op de foargrûn de Prins Hendrikstjitte © Omrop Fryslân
De direksje fan de Deutsche Bank wol it kantoar yn Ljouwert slute. Dat sit yn de Achmeatoer. In diel fan de 20 meiwurkers ferliest dêrtroch syn baan. Neffens wurdfierder Saskia Huuskes is de sluting noch net wis, omdat de ûndernimmingsried hjir noch in advys oer jaan moat.
It foarnimmen fan de direksje past by in grutte reorganisaasje fan de Deutsche Bank. De bank wol tenei fral kanten ha mei komplekse finansjele fragen. Huuskes ferwachtet dat der dizze moanne mear dúdlikheid komt. Dan wurde ek de klanten offisjeel ynformearre.
Dy sille net sa folle fernimme fan it sluten fan it kantoar yn Ljouwert, omdat de bankmeiwurkers meastal by de klanten sels ôfprate.