Utwreiding Modderman Wynjewâld

12 feb 2013 - 16:26
  • Modderman Wynjewâld

Fabrikant Modderman fan koeke, wafels en spekulaas hat flinke útwreidingsplannen foar de fabriken yn Rotsterhaule en Wynjewâld. Yn Wynjewâld giet it sels om in ferdûbeling yn kapasiteit en personiel. Dêr wurdt fral 'ontbijtkoeke' makke. Dy wurdt ferkocht oan supermerken yn Nederlân, Dútslân, Australië en Spanje.

Tsjin de útwreiding fan de bakkerij oan de Merkebuorren yn Wynjewâld wie beswier kaam fan de eardere eigener, mar de gemeente Opsterlân hat dat ôfwiisd. Minne Modderman wol no sa gau mooglik mei de útwreiding begjinne.

Modderman ferwachtet troch de útwreiding yn Wynjewâld ek in groei fan de wurkgelegenheid fan 9 minsken no nei 18 yn de takomst. Modderman stiet yn Nederlân op it tredde plak, as it giet om de produksje fan koeke, nei de fabrikanten Peijnenburg en Continental Bakkeries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)