Alphahelp selsstannich fierder

12 feb 2013 - 15:39
  • Thússoarchmeiwurkster

Der binne grutte soargen oer de takomst fan de húshâldlike help foar âlderein. It regear wol hjir flink op besunigje, wylst de fraach nei dizze soarch allinnich mar tanimt. Dat soarget foar in soad ûnrest ûnder de âlderen en alphahelpen. Grutte thússoarchorganisaasjes nimme kwalik noch húshâldlike helpen yn tsjinst.

Yn Damwâld bondelje de alphahelpen de krêften en begjinne foar harren sels. Alphatrots docht de administraasje foar de froulju. It lytse bedriuw bestiet in pear jier en hat no al 2.000 alphahelpen út it hiele lân as klant.

De fraach nei húshâldlike help sil yn 'e takomst tanimme omdat de âlderein sa lang mooglik thús wenjen bliuwe moat. Dizze help moatte se dan nei alle gedachten sels betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)