Fûgelbeskerming: lit aai lizze

12 feb 2013 - 14:16

Fûgelbeskerming Nederlân ropt it Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW op om dit jier gjin gebrûk te meitsjen fan de fergunning foar it ljipaaisykjen. Ferline wike joech de provinsje in ûntheffing foar it sykjen en meinimmen fan ljipaaien yn 2013, 2014 en 2015. Ek wurdt it kwotum dat meinaam wurde mei mei 400 aaien ferhege oant goed 6300.

De Fûgelbeskerming is op it ljipaaisykjen tsjin, omdat it tal ljippen ôfnimt. De provinsje hat sjoen nei de sifers oant en mei 2011. It briedseizoen fan 2012 is net meinaam en krekt dat wie in tige min jier.

De Fûgelbeskerming erkent fierder wol dat it BFVW in soad docht oan it beskermjen fan greidefûgels, mar ropt it bûn dochs op om dit jier gjin ljipaaien mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)