Autobedriuw komt mei leasefyts

12 feb 2013 - 12:55

By auto-leasebedriuw Friesland Lease kinne klanten tenei ek elektryske fytsen lease. Neffens it bedriuw binne se de earste leasemaatskippij fan Nederlân dy't neist auto's ek fytsen ferhiert. Fan takom jier ôf ferdwynt it populêre fytsplan wêrtroch wurknimmers mei koarting in fyts oanskaffe kinne.

De Drachtster ûndernimming ferwachtet dat it leasen fan in fyts dêrtroch oantreklik wurdt, ek foar wurkjouwers. Oer twa wiken wurde de earste elektryske leasefytsen oan klanten levere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)