Meldpunt oerstallige soarch

12 feb 2013 - 10:49
  • meldpuntzorgfriesland.nl

Soarchbelang Fryslân wol meitinke oer besunigings op it basispakket en komt dêrom mei it Meldpunt Onnodige Zorg Fryslân. Minister Schippers frege dokters, soarchfersekerders en pasjinten snein om sels mei foarstellen te kommen foar it skrassen fan fergoedings. Soarchbelang Fryslân hat dêrom mei yngong fan tiisdei in online meldpunt.

Op meldpuntzorgfriesland.nl kinne minsken oanjaan wat neffens har ûnnedige en ûnnedich djoere soarch is. De útkomsten wurde bepraat mei ûnder oare dokters. Se sille ek oanbean wurde oan de minister.

Je kinne ek belje mei Soarchbelang op telefoannûmer 058-2137138 (allinnich op kantoaroeren).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)