Autoglêsbedriuwen ha it drok

De ôfrûne froastperioade soarget foar ekstra drokte by bedriuwen dy't autoruten meitsje. De froast hat op in soad plakken foar skea soarge oan it weidek. Benammen by stikken mei saneamd ZOAB-asfalt (tige iepen asfaltbeton). Dêrtroch kinne der maklik stientsjes loskomme en tsjin de autorút bedarje. Mei stjerkes of sels skuorren yn de ruten as gefolch.
By GlasGarage yn Ljouwert ha se op it stuit 30 prosint mear rútreparaasjes en ferfangingen as oars. Dupearre autobesitters binne meastentiids fersekere foar sokke skea.