Nij oerlis oer ferljochting

De gemeente Ljouwert sil op 'e nij oerlizze mei ferskate wykpanels oer de strjitferljochting. Dat waard moandeitejûn dúdlik yn de kommisjegearkomste. De gemeente wol 75.000 euro besparje troch meielkoar tûzen strjitlampen fuort te heljen. De helte dêrfan is al fuort.
Der is in soad krityk fan bewenners. Sy fine har buert ûnfeiliger wurden. Wethâlder Isabelle Diks sil no wer om tafel mei de wykpanels om te besjen wêr't lantearnepeallen fuort kinne en wêr't se wer werom komme moatte. De besuniging bliuwt oerein.