Brân yn hinneskuorre Blije

12 feb 2013 - 07:26
  • De hinneskuorre wie net mear te rêden

By in grutte brân yn Blije is yn de nacht fan moandei op tiisdei in hinneskuorre krekt bûten it doarp folslein útbaarnd. Der is asbest frijkaam. It fjoer bruts om kertier foar ienen hinne út. Ferskate korpsen waarden ynsetten om de brân te bestriden. Troch de krêftige wyn wie it blussen dreech. De brânwacht hat it fjoer úteinlik kontrolearre útbaarne litten.

In wenning njonken de hinneskuorre waard wiet holden en koe sa behâlden wurde. De 30.000 oant 40.000 slachthinnen oerlibben de brân, in pear auto's en trekkers giene ferlern.

De grutte brân yn de pleats oan de Hegedyk wie krekt twa jier nei de foarige brân. Doe baarnde allinnich it stik tusken de skuorre en it wenhûs ôf, fannacht gong de hiele skuorre yn flammen op. De bewenners koene op tiid út har hûs komme. It asbest dat by de brân frijkaam is neffens de gemeente Ferwerderadiel net yn it doarp bedarre. De Hegedyk is by de ôfbaarnde pleats wol ôfset foar it ferkear. Dêrom is in omlieding ynsteld. De twa buorlju fan de pleats binne daliks ynformearre oer de asbest dy't frijkommen is. Omdat de temperatueren ûnder nul lizze, kin it asbest noch net opromme wurde. Der wurdt wol alfêst útsocht wêr't it allegear leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)