Lykspul Jong Hearrenfean

11 feb 2013 - 21:56
  • SC Hearrenfean

Jong Hearrenfean like tsjin Jong Heracles Almelo tsjin it earste thúsferlies op te rinnen, mar fier yn de ekstra tiid makke Jens Jurn Streutker de fertsjinne lykmakker: einstân 2-2. Hakim Ziyech hie de thúsploech yn de sânde minút op foarsprong setten. Jong Heracles, yn de earste helte wat makliker spyljend, makke nei in goed healoere de 1-1. De twadde helte wie foar Jong Hearrenfean, mar kânsen waarden gjin goals. Jong Heracles kaam op 1-2, mar yn de blessueretiid seach de fuortstjoerde trainer Jan de Jonge dochs noch de lykmakker.

Koprinner Jong Hearrenfean hat no 23 punten út 10 wedstriden. Jong RKC Waalwyk is de nûmer twa mei 20 út 10. Dizze beide ploegen treffe elkoar takom wike moandei yn it Abe Lenstra stadion om 19.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)