Plysje siket tsjûgen berôving

11 feb 2013 - 17:16
  • Plysje-embleem

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf yn de Nije Easterstrjitte yn Ljouwert. In 22-jierrige frou waard dêr freedtenacht om 1 oere oerfallen troch twa manlju. It slachtoffer waard by de Dimpte Keizersgrêft mei de fyts ta stilstân brocht. Se waard doe bedrige mei mooglik in fjoerwapen. Neidat de manlju wat lytsjild en in identiteitskaart pakt hiene, naaiden se út.

De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't wat sjoen hawwe. Der wurdt spesifyk socht nei twa minsken dy't op de tiid fan de rôf de Easterstrjitte/Nije Easterstrjitte ynrûnen en nei in famke dat yn de strjitte rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)