Nije ynterimdireksje NDC

11 feb 2013 - 14:53
  • Leeuwarder Courant

De direksje fan de NDC Mediagroep stapt per direkt op. Der komt in 4-koppige ynterimdireksje foar yn it plak. Dêr sitte ek de haadredakteuren Snijder fan de Ljouwerter Krante en Sijpersma fan it Dagblad van het Noorden yn. Dat is moandei bekend makke op in byienkomst fan de meiwurkers fan de NDC Mediagroep.

Der moatte in soad minsken út, mar hoefolle is noch net dúdlik. De ynterimdireksje wol begjin maaie foar it personeel dúdlik hawwe wat der barre sil. De klam komt op it krantebedriuw te lizzen. De Ljouwerer wurdt in moarnskrante.

De kommende hûndert dagen wurdt in reorganisaasjeplan útwurke. De NDC Mediagroep is ôfrûne freed oernaam troch trije oare partijen. Ien dêrfan is FB Oranjewoud (foarhinne Fryslân Boppe), de âld-grutoandielhâlder fan NDC Media. De oaren binne ING Corporate Investments en it fûns Je Maintiendrai.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)