Van der Zwan bêste politikus

19 des 2011 - 09:49
  • Tjeerd van der Zwan

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean is de bêste Fryske politikus fan 2011. Dat fine de harkers fan Omrop Fryslân. De omrop hie in ferkiezing útskreaun dêr't de harkers moandei op stimme koene.

Oare nominearden wiene Twadde Keamerleden Lutz Jacobi (PvdA) en Sander de Rouwe (CDA). Sy waarden twadde en tredde.

De ferkiezing wie live te folgjen yn it radioprogramma Omrop Fryslân Aktueel. Tusken seis en njoggen oere wiene der ynterviews mei de nominearden en om kertier foar njoggenen de útslach. Van der Zwan krijt in oarkonde fan Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)