Houtdief yn Tsjongerfallei

11 feb 2013 - 10:02

De plysje hat sneintemiddei in 29-jierrige Feanster oppakt foar it stellen fan hout. De man waard earder op 'e dei sjoen yn de Tsjongerfallei doe't er beamstammen yn 'e auto lade woe.

In 38-jierrige man fan Terwispel hie de partij hout kocht en hy hie sjoen dat de him ûnbekende man in part fan syn hout meinimme soe. Dêrom hie er de plysje belle. Dy hat de fertochte meinaam nei it buro. Dêr hat er proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)