Oar startplak Swaddekuier

Wensoarchsintrum Haersmahiem yn Bûtenpost is de nije start- en finishlokaasje foar de Swaddekuier. De kuiertocht oer twa dagen luts de ôfrûne jierren safolle dielnimmers dat it sportgebou oan de Parkleane te lyts waard.
De Swaddekuier wurdt dit jier ein juny hâlden. Eardere tochten wiene yn augustus. De organisaasje hopet noch mear dielnimmers te lûken troch de tocht bûten de simmerfakânsje te hâlden.