Antoinette de Jong oermachtich

© awfoto.nl)
Antoinette de Jong is mei oermacht Nederlânsk kampioen by de junioaren A wurden. It 17-jierrige talint út Rottum wûn yn De Haach alle fjouwer ôfstannen. Yn it einklassemint hie se in foarsprong fan 4.7 punten op de nûmer twa Julia Berentschot. Reina Anema fan De Gordyk pakte it brûns. It winnende rychje fan De Jong: 500 meter yn 40.66, de 1500 meter yn 2.05.85, de 1000 meter yn 1.20.06 en de 3000 meter yn 4.24.53. It grutte doel fan de nije Nederlânske kampioen is no it WK junioaren op 22, 23 en 24 febrewaris yn Collalbo, Italië.
Gerben Jorritsma die itselde as Antoinette de Jong, kampioen wurde by de junioaren A en ek alle fjouwer ôfstannen winne. De ynwenner fan Diever, dy't al jierren foar it gewest Fryslân rydt, wie oppermachtich. Paul-Yme Brunsmann fan Twellingea waard tredde yn de einstân.
Der wiene noch mear Fryske poadiumplakken op it NK. By de junioaren C gong de titel nei Suzanne Schulting fan De Ulesprong, Aafke Soet fan It Hearrenfean waard tredde. By de junioaren B wie der brûns foar Tjitske Wassenaar fan De Lemmer.